Omrop Fryslân Tsjek jr is in programma fan
WitWat wurdt makke foar de groepen 3 en 4 en slút mei syn tema’s oan op de Fryske taalmetoade Studio F, foar it fak Frysk. Yn it programma siket de 15-jierrige Marieke Swart fan Sint Anne, mei help fan har kleptop, it antwurd op in fraach.
It televyzjeprogramma 'it lân fan Efke' giet oer Efke en syn mem. Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch. Se libje dêr tegearre. Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken. Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij.
Mear oer It lân fan Efke
Studio F is in omrop dêr’t radio- en televyzjeprogramma’s makke wurde. Radiofrou Mieke Foon wurdt holpen (en soms tsjinwurke) troch Eabele en Oebele dy’t foar de televyzjetak wurkje. Appie hat de soarch foar de fassiliteiten yn it gebou en Van der Baan is de grutte direkteur.
Mear oer Studio F
Tsjek TV is it nije programma foar de boppebou fan de basisskoallen. It programma wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. Alle wiken praat Raynaud bern fan de boppebou fan de Fryske basisskoallen by. Edukatyf mei nijtsjes út Fryslân en in protte oer de eigen (natuerlike) omjouwing.
Mear oer Tsjek TV
Sûnt 1995 hat Omrop Fryslân alle dagen in orizjineel berneprogramma en dat is Bear Boeloe. De measten fan jim kenne him sa stadichoan wol en dat jildt ek foar syn freonen en freondinnen Sipke, Huning-snútsje en noch folle mear.
Mear oer Bear Boeloe
Op Tsjek FM fine jo in tal skoalradioprogramma's sa't dy de lêste jierren útstjoerd binne op de tiisdeitemoarn by Omrop Fryslân Radio.
Mear oer Tsjek FM
Aaien binne brekber. Dus moast se yn in feilige doas bewarje. Mar wêr wurdt sa'n aaidoas eins fan makke?
Wenje yn in hûs, in boat of yn in flet…. De bern yn Bitgummole wolle wol graach yn in kastiel wenje!
Wêrom giet dyn hert sa tekear ast dy ynspanst? Marieke siket it út!
Hoe komt it dat it wetter yn it swimbad sa blau is? Swimme Marieke!
Marieke moat foar it antwurd op de fraach oer feest moarns om healwei fiven al by de bakker wêze!