Tsjek TV is it nije programma foar de boppebou fan de basisskoallen. It programma wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma.
Alle wiken praat Raynaud bern fan de boppebou fan de Fryske basisskoallen by. Edukatyf mei nijtsjes út Fryslân en in protte oer de eigen (natuerlike) omjouwing.
It programma is ek te sjen op Omrop Fryslân op tiisdei- en tongersdeimiddeis fan 13:30 ôf en jûns om 19:30 oere.