Sûnens: sykje om genot diel 1
LinKeKstra . . . ‘Sykje om Genot’ is in trijedielige rige programma’s oer alkohol en oare drugs, bestimd foar de earste twa jierren fan it fuortset underwiis. Bedoeling fan de rige programma’s is om jongerein bewust te meitsjen fan de risiko’s fan genietmiddels as alkohol en oare drugs. Boppedat wurde der hiel wat foaroardielen ûnderút helle, gauris yn stân hâlden troch âlders. Oan de hân fan ynformaasje fan sawol saakkundigen as ‘brûkers’ wurdt in byld sketst fan ferskate soarten populêre drugs, wurdt ferteld hoe’t se wurkje op dyn lichem en geast, en wurdt der warskôge foar de gefaren dy’t foar alle drugs wer oars binne.. Der wurdt ûnderskie makke tusken legale drugs, sa as alkohol en tabak, saneamde gedoogde produkten as hasj, wiet en paddo’s, en ferbeane drugs sa as XTC, GHB, speed en cocaine. Wichtichste konklúsjes: Legale middels binne net per definysje it minst skealik. Tabak is fierwei de meast ferslaafjende drug, en alkohol jout de measte problemen.
It sykjen en neistribjen fan genot is minskelik, mar net alle genietmiddels binne sûnder gefaar. Allinnich mar roppe dat it net goed is sil net wurkje. Better is it om goed de gefaren en falkûlen kennen te leren.