Omrop Fryslân Tsjek jr is in programma fan
It tema fan dizze útstjoering is technyk.
It televyzjeprogramma 'it lân fan Efke' giet oer Efke en syn mem. Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch. Se libje dêr tegearre. Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken. Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij.
Mear oer It lân fan Efke
WitWat wurdt makke foar de groepen 3 en 4 en slút mei syn tema’s oan op de Fryske taalmetoade Studio F, foar it fak Frysk. Yn it programma siket de 15-jierrige Marieke Swart fan Sint Anne, mei help fan har kleptop, it antwurd op in fraach.
Mear oer WitWat
Tsjek TV is it nije programma foar de boppebou fan de basisskoallen. It programma wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. Alle wiken praat Raynaud bern fan de boppebou fan de Fryske basisskoallen by. Edukatyf mei nijtsjes út Fryslân en in protte oer de eigen (natuerlike) omjouwing.
Mear oer Tsjek TV
Sûnt 1995 hat Omrop Fryslân alle dagen in orizjineel berneprogramma en dat is Bear Boeloe. De measten fan jim kenne him sa stadichoan wol en dat jildt ek foar syn freonen en freondinnen Sipke, Huning-snútsje en noch folle mear.
Mear oer Bear Boeloe
Op Tsjek FM fine jo in tal skoalradioprogramma's sa't dy de lêste jierren útstjoerd binne op de tiisdeitemoarn by Omrop Fryslân Radio.
Mear oer Tsjek FM
De bosk by de studio fan Studio F driget kapt te wurden en der is eltsenien fansels op tsjin. Der wurdt aksje fiert op'e radio.
It tema fan de útstjoering is Omjouwing.
Studio F foar groep 7 en 8 oer Omjouwing
Studio F is in omrop dêr’t radio- en televyzjeprogramma’s makke wurde. It programma heart by tema Omjouwing.
Eabele en Oebele wolle útfine wat foar reis reinwetter makket, wannear't it út 'e loft wei op de grûn telâne kaam is. Fan harren omke ha sy spesjale apparatuer krigen om it wetter te folgjen.