Opjefte Bernesjongfestival


Hat groep 6, 7 of 8 sjongkwaliteiten?
Doch dan mei!

It Sjongfestival foar Bern is in skoalle-/groepsaktiviteit foar de groepen 6, 7 en 8.

De proseduere

1. Meld jim oan troch middel fan it printsjen en opstjoeren fan de pdf ûnderoan dizze side (klik op "Lesmateriaal Tsjek jr"). Doch dat foar 10 febrewaris oansteande.

2.  Der binne, by foldwaande dielname, trije foarrondes. Dy sille wêze yn Wommels (23 april), De Jouwer (24 april) en Burgum (26 april). Start alle kearen om 13.30 oere.

3. De finalisten trede op yn de grutte seal fan De Lawei op freed 25 maaie.

4. Nei opjefte krije de dielnimmers foar 24 febrewaris fia de mail berjocht. Dêrnei kinne de dielnimmers twa nûmers útsykje út de 30 lieten dy’t de organisaasje selektearre hat.


As jim in nûmer útsocht hawwe of noch efkes harkje wolle nei de nûmers klik dan hjir: http://www.sjong.nl/sjong/sjong.htm

Op dizze side kinne jim it nûmer downloade. Dit bart yn in mapke wêr it nûmer 
normaal, ynstrumintaal as MP3 yn sit. Ek de tekst as pdf sit yn dat mapke.
Lesmateriaal Tsjek jr
  • It lân fan Efke

    It lân fan Efke

    It lân fan Efke

    It televyzjeprogramma 'it lân fan Efke' giet oer Efke en syn mem. Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch. Se libje dêr tegearre. Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken. Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij.

    Mear oer It lân fan Efke

  • WitWat

    WitWat

    WitWat

    WitWat wurdt makke foar de groepen 3 en 4 en slút mei syn tema’s oan op de Fryske taalmetoade Studio F, foar it fak Frysk. Yn it programma siket de 15-jierrige Marieke Swart fan Sint Anne, mei help fan har kleptop, it antwurd op in fraach.

    Mear oer WitWat

  • Studio F

    Studio F

    Studio F

    Studio F is in omrop dêr’t radio- en televyzjeprogramma’s makke wurde. Radiofrou Mieke Foon wurdt holpen (en soms tsjinwurke) troch Eabele en Oebele dy’t foar de televyzjetak wurkje. Appie hat de soarch foar de fassiliteiten yn it gebou en Van der Baan is de grutte direkteur.

    Mear oer Studio F

  • Tsjek TV

    Tsjek TV

    Tsjek TV

    Tsjek TV is it nije programma foar de boppebou fan de basisskoallen. It programma wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. Alle wiken praat Raynaud bern fan de boppebou fan de Fryske basisskoallen by. Edukatyf mei nijtsjes út Fryslân en in protte oer de eigen (natuerlike) omjouwing.

    Mear oer Tsjek TV

  • Bear Boeloe

    Bear Boeloe

    Bear Boeloe

    Sûnt 1995 hat Omrop Fryslân alle dagen in orizjineel berneprogramma en dat is Bear Boeloe. De measten fan jim kenne him sa stadichoan wol en dat jildt ek foar syn freonen en freondinnen Sipke, Huning-snútsje en noch folle mear.

    Mear oer Bear Boeloe