LinKk is ek in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke dy’t dingen dogge dy'tsto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier, fansels. Do makkest grif gjin televyzjeprogramma en dat dogge de LinKke akteurs wol. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongerein dy’t in televyzjeprogramma meitsje.