I.K.

I.K. Dat is de namme fan in televyzjesearje, spesjaal makke foar by it fak Frysk yn de ûnderbou fuortset ûnderwiis.
I.K. is in dramasearje foar jeugd. It ferhaal giet oer trije jongeren dy’t in band begjinne wolle: Ikaros. De searje beskriuwt de start fan de band, mar foaral ek de ûtwikkeling dy’t de trije haadpersoanen Rutger, Kaja en Jildou meimeitsje yn harren belibbingswrâld.
Se krije te meitsjen mei grutte téma’s, dy’t ekstern binne (sykte en kriminaliteit), yntern (de syktocht nei de identiteit fan pubers) en ûnderling (de spanningen yn de ferhâlding tusken de trije haadrolspilers).

 

Oprop!

Kom freed 27 april om 17.30 oere nei it Piter Jelles Aldlân, dr Jacob Botkeweg 3 yn Ljouwert om tv-opnames fan I.K. by te wenjen! De Ikaros band tredet dêr foar jim op. Der is fansels in soad publyk nedich. Nim freonen/freondinnen mei en ha in leuke jûn! Sa kinst sjen hoe't in televyzjeprogramma opnaam wurdt! It duorret oant in oere as 22.00 oere, kofje/tee en wat fris stiet klear.

Komst? Stjoer dan even in mailtsje nei ik@omropfryslan.nl en lit ús witte mei hoefolle persoanen datst komst.

  • LinKk

    LinKk

    LinKk

    LinKk is ek in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke dy’t dingen dogge dy'tsto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier, fansels. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongerein dy’t in televyzjeprogramma meitsje.

    Mear oer LinKk

  • 11&30

    11&30

    11&30

    Op basis fan 'e Fryske kanon makket Omrop Fryslân skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma’s oer de iere skiednis fan ús provinsje. De programma’s binne bedoeld foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis.

    Mear oer 11&30

  • De flier is fan jim

    De flier is fan jim

    De flier is fan jim

    In nij programma dat fan febrewaris ôf útstjoerd wurdt. Yn de programma's spylje learlingen fan 'Opleiding Sociaal Cultureel Werk Theater van ROC Friese Poort Leeuwarden' sênes op in tema. De temas binne: 1. leafde, ferlyfdheid, seks; 2. der wol of net by hearre (peste); 3. gesach: heit & mem, dosinten, plysje; 4. ferslaving: (drank, drugs, smoke); 5. grinzen stelle foar dysels; 6. uterlik.

    Mear oer De flier is fan jim

  • Mear programma's

    Mear programma's

    Mear programma's

    Hjir komme ynkoarten mear programma's te stean út ús argyf.

    Mear oer Mear programma's

  • LinkEkstra

    LinkEkstra

    LinkEkstra

    LinkEkstra is in fersammelnamme foar in ferskaat oan programma's foar it fuortset ûnderwiis. Sa binne der programma's oer de skiednis fan Fryslân, technyk, ferslaving en de ôfslútdyk.

    Mear oer LinkEkstra