Bear Boeloe

Sûnt 1995 hat Omrop Fryslân alle dagen in orizjineel berneprogramma en dat is Bear Boeloe. De measten fan jim kenne him sa stadichoan wol en dat jildt ek foar syn freonen en freondinnen Sipke, Huning-snútsje en noch folle mear.

Wat jim oan 'e ein fan it programma faaks net iens ôfwachtsje sille, is de ôftiteling. Dêryn stiet wa't wêrfoar ferantwurdlik is. Wa't it ferhaal betocht hat, en tekene. Wa't de rezjy dien hat, de stimmen ensfh. Want sa'n Bear Boeloe ferhaal freget in bulte minsketiid en wurk foar't it klear is om op TV te ferskinen. Elk ferhaal bestiet út ûngefear 6 oant 7 tekeningen en in ferhaal fan twa, mei de hân skreaune, kantsjes.De tekeningen binne earst mei potlead opset, dernei útwurke mei pen en kleurpotleaden en sûnt dit jier ek mei pastelkryt.Dêr hawwe al mear as seishûndert ôfleveringen fan Bear Boeloe op TV west, dat rekkenje mar út hoefolle tekeningen dat meiinoar binne!
o ja, De ferhalen en Tekeningen binne makke troch Helena de Boer út Iens en de fertelster is Leny Dijkstra.
De rezjy en de measte stimmen wurde dien troch Feije van der Meer.

  • It lân fan Efke

    It lân fan Efke

    It lân fan Efke

    It televyzjeprogramma 'it lân fan Efke' giet oer Efke en syn mem. Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch. Se libje dêr tegearre. Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken. Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij.

    Mear oer It lân fan Efke

  • WitWat

    WitWat

    WitWat

    WitWat wurdt makke foar de groepen 3 en 4 en slút mei syn tema’s oan op de Fryske taalmetoade Studio F, foar it fak Frysk. Yn it programma siket de 15-jierrige Marieke Swart fan Sint Anne, mei help fan har kleptop, it antwurd op in fraach.

    Mear oer WitWat

  • Studio F

    Studio F

    Studio F

    Studio F is in omrop dêr’t radio- en televyzjeprogramma’s makke wurde. Radiofrou Mieke Foon wurdt holpen (en soms tsjinwurke) troch Eabele en Oebele dy’t foar de televyzjetak wurkje. Appie hat de soarch foar de fassiliteiten yn it gebou en Van der Baan is de grutte direkteur.

    Mear oer Studio F

  • Tsjek TV

    Tsjek TV

    Tsjek TV

    Tsjek TV is it nije programma foar de boppebou fan de basisskoallen. It programma wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. Alle wiken praat Raynaud bern fan de boppebou fan de Fryske basisskoallen by. Edukatyf mei nijtsjes út Fryslân en in protte oer de eigen (natuerlike) omjouwing.

    Mear oer Tsjek TV

  • Tsjek FM

    Tsjek FM

    Tsjek FM

    Op Tsjek FM fine jo in tal skoalradioprogramma's sa't dy de lêste jierren útstjoerd binne op de tiisdeitemoarn by Omrop Fryslân Radio.

    Mear oer Tsjek FM