11&30
Op basis fan 'e Fryske kanon makket Omrop Fryslân skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma’s oer de iere skiednis fan ús provinsje. De programma’s binne bedoeld foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis.
Presintator Freark Smink liedt de sjogger troch de 41 finsters fan ‘e Fryske kanon.
-
LinKk
LinKk
LinKk is ek in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke dy’t dingen dogge dy'tsto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier, fansels. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongerein dy’t in televyzjeprogramma meitsje.
Mear oer LinKk
-
I.K.
I.K.
I.K. Dat is de namme fan in televyzjesearje, spesjaal makke foar by it fak Frysk yn de ûnderbou fuortset ûnderwiis.
Mear oer I.K.
-
De flier is fan jim
De flier is fan jim
In nij programma dat fan febrewaris ôf útstjoerd wurdt. Yn de programma's spylje learlingen fan 'Opleiding Sociaal Cultureel Werk Theater van ROC Friese Poort Leeuwarden' sênes op in tema. De temas binne: 1. leafde, ferlyfdheid, seks; 2. der wol of net by hearre (peste); 3. gesach: heit & mem, dosinten, plysje; 4. ferslaving: (drank, drugs, smoke); 5. grinzen stelle foar dysels; 6. uterlik.
Mear oer De flier is fan jim
-
Mear programma's
Mear programma's
Hjir komme ynkoarten mear programma's te stean út ús argyf.
Mear oer Mear programma's
-
LinkEkstra
LinkEkstra
LinkEkstra is in fersammelnamme foar in ferskaat oan programma's foar it fuortset ûnderwiis. Sa binne der programma's oer de skiednis fan Fryslân, technyk, ferslaving en de ôfslútdyk.
Mear oer LinkEkstra